Plein of huzen yn sintrum Drylts

03 jan 2005 - 11:29

B&W Wymbritseradiel moat in plein yn it sintrum fan Drylts oerwaagje. Der binne no plannen om fjouwer of fiif huzen te bouwen yn it sintrum fan Drylts.

Gemeentebelangen hie it kolleezje al ris frege wat de gefolgen wêze soene as der ôfsjoen wurdt fan dizze plannen en der keazen wurdt foar in plein. Dêr is doe gjin antwurd op kommen. De PvdA-fraksje hat it ûnderwerp no wer oan de oarder steld. Op it plein soene aktiviteiten plakfine moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)