Pleatslike ferskillen huzemerk

06 okt 2011 - 15:17

De wenningmerk yn Fryslân is wakker ûngelyk, neffens makeldersorganisaasje NVM. Yn Súdeast-Fryslân binne tritich persint mear huzen ferkocht, mar yn Noardwest-Fryslan naam it krekt ôf mei sechtsjin persint. Lanlik is de groei op de wenningmerk 4%. It Fryske trochsneedsifer komt op nul út, want yn it tredde kwartaal waard ien wente mear ferkocht as yn it twadde.

De NVM sjocht yn de legere oerdrachtsbelesting in reden foar de flottere ferkeap fan no.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)