Pleatslik glêd troch sniedunen

13 jan 2010 - 07:13
  • Sniedunen earder dizze wike by Wommels (foto Henk Bootsma)

Ferkear moat woansdeitemoarn rekken hâlde mei pleatslike glêdens troch sniedunen op de dyk, warskôgje rykswettersteat en provinsje. It ferkear tusken Akkrum en It Hearrenfean stiet fêst troch de glêdens. Rykswettersteat hat 4 snieskowers nei de A32 stjoerd.

De diken binne op de measte plakken goed skjin, mar troch de hurde wyn kinne sniedunen ûntstean troch stosnie. Dêrtroch kin it ynienen ferriederlik glêd wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)