Pleatslik Belang Balk striidt foar behâld miljeustrjitte

24 mrt 2016 - 21:10

Pleatslik Belang Balk wol gau dúdlikens hawwe oer de takomst fan it stoart by it doarp. De gemeente Fryske Marren hat de grûn dêr't de miljeustrjitte no sit, ferkocht oan it bedriuw AVK plestiks. De gemeente ûndersiket no oft der in oare geskikte lokaasje komme moat, of dat it miskien wol mei de twa oare gemeentlike stoarten ta kin.

Dy binne op De Lemmer en De Jouwer. Pleatslik Belang is benaud dat foar dat lêste keazen wurde sil.

Brief

Se hawwe in poll op harren site set en dêrút docht bliken dat in soad ynwenners, 95 prosint, wol dat der in stoart yn de buert bliuwt. Se hawwe mei oare doarpsbelangen in brief oan alle fraksjes stjoerd mei harren soargen, mar krigen mar minimaal antwurd.

Trije fraksjes hawwe reagearre, mar sizze dat se it beslút fan it kolleezje ôfwachtsje wolle.

Wethâlder Johannes van der Pal seit ek dat de ynwenners fan Balk geduld hawwe moatte. Hy wit noch net wannear't der in beslút falle sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)