Pleatsing Palmabrêge yn Wergea

15 jan 2009 - 10:50

By Wergea wurdt nije wike it beweechbere part fan de Palmabrêge te plak set. De brêge is ûnderdiel fan de nije farrûte by Wergea del yn it ramt fan de Steandemêstrûte. It ûnderdiel komt mei spesjaal transport út Burgum nei Wergea ta.

It brêgediel hie al earder pleatst wurde sillen, mar dat is útsteld fanwege it winterwaar fan de lêste wiken. De farrûte by Wergea sil yn maaie yn gebrûk nommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)