Pleats yn 'e brân

06 feb 2012 - 14:34
  • Foto: Dirk Baron

Krekt bûten Bûtenpost is moandei in pleatske útbaarnd. De brân begûn yn de skoarstien, mar al gau sloegen de flammen út it dak. It dak is yntusken ynstoart.

De bewenners koene harsels op tiid yn feilichheid bringe. In stâl achter it pleatske wurdt noch bedrige troch de flammen. De hynders dy't yn dy stâl stiene binne der al út, dy binne it lân ynjage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)