Pleats yn de brân foar film

14 okt 2010 - 11:15
  • Yn Easterlittens waarden ek opnamen makke foar Barslet

De filmopnamen dêr't in pleats by Sint Nyk foar yn de brân stutsen wurdt, binne kommende snein. De opnamen binne foar de 7-dielige searje De Geheimen van Barslet fan de NCRV en de NPS.

De slim fertutearze pleats soe in pear wike lyn al yn de brân stutsen wurde, mar dat gie net troch om't der doe tefolle wyn wie. It waar kin ek kommende snein reden wêze om de opnamen út te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)