Pleats Wânswert ôfbaarnd

01 feb 2012 - 23:35

In pleats oan de Wirdsterterp yn Wânswert is woansdeitejûn ferlern gien by in brân. Dy ûntstie nei alle gedachten yn de skoarstien. De eigner ûntduts de brân doe't er wekker waard fan lawaai. Hy koe himsels yn feiligens bringe en warskôge by de buorlju de brânwacht.

Doe't dy brânwacht mei ferskate korpsen oankaam hie it fjoer him al troch de hiele pleats ferspraad. Foar safier bekend wie der gjin fee yn de pleats.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)