Pleats útbaarnd yn Smelle Ie

14 maaie 2013 - 06:38
  • Brân Smelle Ie
  • It neiblussen fan de brân

Troch in brân yn Smelle Ie is tiisdeitenacht in pleats folslein ferlern gien. Koart foar middernacht ûntstie der brân, nei alle gedachten as gefolch fan de wjerljocht. De brânwachtkorpsen fan Drachten en Beetstersweach rukten út nei de pleats op de Bûtendiken. It achterein stie doe al hielendal yn brân, mar ek it mei reid dekte foarein wie net mear te rêden. In skuorre njonken de pleats mei mear kij koe troch de brânwacht sparre wurde. De bewenner koe himsels op tiid yn feilichheid bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)