Pleats Pietersbierrum ôfbaarnd

23 jun 2014 - 11:51
  • Yn de pleats sit in caravanstalling
  • De pleats is folslein ferlern gien

By in grutte útslaande brân oan de Hearwei yn Pietersbierrum is moandei in pleats folslein útbaarnd. It reiden tek is ynstoart. De pleats waard brûkt as caravanstalling. Der stienen twa caravans yn de stalling. Meardere gasflessen yn de caravans binne by de brân ûntploft. Der is net ien ferwûne rekke.

Neffens de eigner stie de pleats op de list fan monumintesoarch. It fjoer bruts om healwei tolven hinne út. Op dat stuit wie in boubedriuw dwaande mei wurksemheden oan de pleats. Tsjin healwei twaen waard it sein 'brandmeester' jûn.

De brânwacht set in kraan yn om de konstruksje fan de pleats fuort te heljen. Sa wurdt foarkaam dat it gebou ynstoart. In wenning tsjin de pleats oer hat mooglik reekskea oprûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)