Pleats mooglik rekonstruearre

21 feb 2013 - 15:45
  • Fan de skuorre yn Wyns is net folle mear oer

De Rykstsjint Kultureel Erfguod beoardielet nije wike de ôfbaarnde pleats yn Wyns. De pleats is in ryksmonumint. De rykstsjinst besjocht oft der noch genôch fan oerbleaun is om him wer yn âlde steat op te bouwen. De tsjinst bringt dêr advys oer út oan de gemeente Tytsjerksteradiel. Dy moat úteinlik bepale oft de pleats wer as monumint opboud wurdt.

De pleats yn Wyns mei dêryn in bêd en brochje gie woansdei foar it grutste part ferlern. Mooglik leit de oarsaak by in houtkachel. De plysje docht dêr noch ûndersyk nei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)