Pleats Jasper S. is ferkocht

10 okt 2013 - 17:00
  • Hûs Jasper S. fan boppe

De pleats fan Jasper S., de moardner fan Marianne Vaatstra, is ferkocht. In boer út Ingwierrum hat de gebouwen en de 40 bunder grûn kocht. De frou fan Jasper S. wennet noch hieltyd op de pleats oan de Allemawei yn Aldwâld. Sy sil nei alle gedachten it bedriuw begjin takom jier oerdrage en op syk gean nei oare wenromte. De kij fan de boer binne al yn desimber ferkocht.

Jasper S. is dit jier ta 18 jier sel feroardield foar de moard op Marianne. Dat wie yn 1999.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)