Pleats foar deminte boeren

05 des 2007 - 10:39
  • Oer trije jier soe de earste soarchpleats foar deminten der wêze moatte

Deminte boeren soene oer in pear jier de mooglikheid hawwe moatte om op in soarchpleats op in boerebedriuw te wenjen. Talant is op it stuit dwaande mei it ûntwikkeljen fan in plan foar sa'n soarchbuorkerij.

Ald-boeren en minsken dy't har hele libben op it plattelân wenne hawwe, fiele harren faak net thús yn in fersoargingshûs. Sy wolle graach de betroude roken, kleuren en lûden fan in pleats om harren hinne hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)