'Pleats fan it jier' giet troch

25 okt 2003 - 00:00

De ferkiezing fan de pleats fan it jier 2003 krijt de kommende fiif jier in ferfolch. De kommisje dy't dit jier de moaiste pleats útkeas, giet fierder mei syn wurk. Sneon waard lanlik 'Het jaar van de boerderij' ôfsletten.

By de Fryske ferkiezing de kommende fiif jier is der ekstra omtinken foar pleatsen dy't net agrarysk brûkt wurde en pleatsen op de Waadeilannen. De priis bestiet út in bedrach fan tûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)