Pleats Easterstreek útbaarnd

07 des 2012 - 09:25
  • De leechsteande pleats wie net mear te rêden

In leechsteande pleats yn Easterstreek is tongersdeitenacht útbaarnd. Doe't de brânwacht fan Noardwâlde en Vledder oankaam, stie de pleats mei reiden tek al fûl yn brân. Ek de heechwurker fan de brânwacht fan Stienwyk waard alarmearre.

De brânwacht koe it gebou net mear rêde en liet de pleats dêrom 'kontrolearre' ôfbrâne. De oarsaak fan de brân is net bekend. De brân waard troch foarbygongers ûntdutsen. De plysje hâldt der rekken mei dat it fjoer oanstutsen is. Dêr wurdt fierder ûndersyk nei dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)