Plattelânsalliânsje oprjochte

29 nov 2002 - 00:00

Fryslân hat der in nije organisaasje by, mei Hans Wiegel oan it roer: de Fryske Plattelâns Alliânsje. Sân organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei de natuer bondelje dêryn har krêften.

De alliânsje wol in fûst meitsje tsjin beleidsmakkers yn De Haach. Dy soene faak te min witte oer it omgean mei de natuer. Yn de alliânsje sitte ûnder mear aaisikers, jagers en fiskers. Se fertsjintwurdigje 55.000 Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)