Plattelân wol jild Vogelaar

01 des 2007 - 17:16
  • minister Ella Vogelaar

Minister Vogelaar moat ek jild ynvestearje yn de problemen op it plattelân, en net allinne yn de prachtwiken. Dy oprop die de PvdA yn Boarnsterhim dit wykein oan de minister. Ella Vogelaar wie te gast op it 100-jierrich jubileum fan de partij.

Marijke Zandstra, ynwenster fan Akkrum, oerlange de minister in oandiel yn de takomst fan de doarpen. Se is benaud dat alle ryksjild opgiet oan de prachtwiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)