'Platte oester werom yn Waadsee'

31 mrt 2004 - 00:00

De platte oester is ferdwûn út de Nederlânske Waadsee en moat dêr wer werom komme. Undersyksynstitút Alterre fan de Universiteit fan Wageningen wol in projekt begjinne om te besykjen op twa plakken by Texel en Flylân de oester werom te kweken.

De oanfraach foar it projekt is ferline jier al yntsjinne by it ministearje fan Lânbou, mar yn ôfwachting fan nij belied foar de Waadsee, hat de behanneling fertraging oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)