"Platte oester moat weromkomme yn de Waadsee"

03 feb 2016 - 10:42

De platte oester moat wer werom nei de Waadsee. Om te sjen oft dit mooglik is, wurdt der noch dit jier in helberensûndersyk dien. Dat meldt 'Naar een rijke Waddenzee'. Dat is in saneamde netwurkorganisaasje foar en troch oerheden, ûndernimmers en natuerklups. Sy besykje mei jild en kennis de Waadsee riker te meitsjen.

150 jier lyn

De kulinêr tige wurdearre skulpen binne sa'n 150 jier lyn út de Waadsee fuortrekke trochdat der tefolle nei fiske waard, mar ek troch sykten. Neffens direkteur Hendrikus Venema is der in goede kâns dat it Waad safierhinne opknapt is, dat de oesters wer in kâns meitsje.

It wetter fan it Waad wurdt skjinner as oesterbanken it filterje en fargeulen bliuwe moai op djipte as de oesterbanken by de rânen lizze. Fierder is in oesterbank in goed skûlplak foar jonge fisk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)