Platfoarm wol mear boatsjefarders op alvestêdefarrûte

15 aug 2015 - 12:42
  • Noardlike alvestêdefarrûte
  • Slûs by Alde Leie

In nij toeristysk platfoarm moat der foar soargje dat de noardlike alvestêdefarrûte better op de kaart set wurdt. Yn de farrûte is sa'n 28 miljoen euro ynvestearre. Dochs slagget it net om in soad toeristen nei de rûte te lûken.

Benammen ûndernimmers yn it noardeasten fan de provinsje binne dêr net bliid mei. Undernimmersorganisaasje Uytland hat dêrom yn gearwurking mei ûndernimmers út Harns en Frjentsjer in platfoarm yn it libben roppen dat de farrûte promoatsje moat.

It platfoarm is nedich om't de polityk neffens de ûndernimmers te min docht oan promoasje. Boargemaster Wil van den Berg fan gemeente Ferwerderadiel is it foar in part iens mei har. Hy fynt dat ûndernimmers sels ek yn aksje komme moatte, mar dat de provinsje wol mear dwaan moat om it merk Fryslân te ferkeapjen.

Ek de slûzen fan de noardlike alvestêdefarrûte binne in probleem. Troch technyske steurings bart it geregeld dat boatsjeminsken mear as in oere wachtsje moatte op it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)