Platfoarm Frysk en lytse bern

20 okt 2003 - 00:00

Nije wike wurdt yn Ljouwert it Platfoarm Frysk yn 'e Foarskoalske Perioade (PFFP) ynstallearre. It platfoarm wurdt in struktureel oerlis tusken alle organisaasjes dy't dwaande binne op it mêd fan Fryske boartersplakken en berne-opfang.

Yn it platfoarm sitte ûnder oaren AFUK, GCO, Stifting Pjutteboartersplak, Fryske Akademy en de twa Fryske ROC's. It platfoarm wol advys jaan oan oerheden en gearwurking befoarderje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)