Platen fan gebou waaid yn sintrum Drachten

30 nov 2015 - 18:22
  • De brânwacht hellet mei in heechwurker platen fuort sadat dy der net ôf falle

De brânwacht fan Drachten moast moandeitemiddei yn aksje komme, neidat der oan de Easterstrjitte platen loswaaid wiene. De platen binne losrekke troch de stoarmige wyn fan de lêste dagen.

De brânwacht hat mei in heechwurker in tal platen fuorthelle, sadat dy net op 'e grûn falle koene. Salang't de brânwacht dwaande wie, hat de plysje in part fan it sintrum ôfsletten. It is net bekend om hoefolle platen oft it gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)