Platekontrakt foar NNB

04 okt 2009 - 13:27
  • De band NNB

De Frysktalige punkrockgroep NNB út Dronryp en Ingelum hat in platekontrakt tekene by Marista Records yn Dronryp. Op dit stuit is de groep dwaande mei de opnames foar in album dat begjin takom jier útkomt.

NNB begûn twa jier lyn as gelegenheidsband by in benefytkonsert yn Dronryp. Earst as coverband, mar al gau waard ek eigen wurk brocht. NNB bestiet út bassis/sjonger Pieter de Vries, gitarist/sjonger Wilco Kingma en drummer Brend Kingma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)