Platdútse rappers op Liet Ynt.

20 aug 2009 - 10:11
  • De rappers fan De föfftig Penns út Berlyn
  • De Sámi rockband SomBy út Finsk Laplân

De organisaasje fan sjongfestival Liet Ynternasjonaal hat de earste njoggen dielnimmers bekend makke. Liet Ynternasjonaal is dit jier foar it earst sûnt 2004 wer yn Ljouwert, en wol op sneon 31 oktober.

Oan de sechde edysje wurdt meidien troch bands út Asturië (Spanje), Finsk Laplân, Fryslân, Ierlân, Karelië yn Ruslân, Letlân, Oksitaanje yn Frankryk en Skotlân. Opfallend is it meidwaan fan in groep rappers út Berlyn, dy't yn it Platdúts rappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)