Platboaiem lek by sylrace

18 okt 2009 - 08:39

De KNRM hat sneon in platboaiem nei Skylge slepe moatte, dy't by in oanfarring mei in oar skip lekslein wie. Beide skippen diene mei oan de Brandarissylrace tusken Harns en Skylge en kamen flak foar de finish mei-elkoar yn oanfarring.

Troch pompen yn te setten en it lek mei doeken ticht te triuwen koe foarkaam wurde dat de platboaiem sonk. It skip is by Skylge op in sânbank set, sadat de skea opnaam wurde kin

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)