Platanen út tún Ljouwerter stedskantoar takele

03 jun 2015 - 20:00
  • De platanen moatte wike foar kantoarunits

De 16 platanen dy't yn de binnentún fan it Ljouwerter stedskantoar stiene, binne moandeitejûn fuorttakele. De grutte beammen fan sa'n 20 jier âld wurde oerplante nei soarchsintrum Greunshiem, fierderop yn de stêd. De beammen yn de binnentún moatte plakmeitsje foar kantoarunits. De platanen binne ynpakt en wurde tongersdei by Greunshiem opnij plante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)