Plastik-kampanje fan Omrin

08 mrt 2009 - 13:01
  • Omrin komt mei eigen kampanje

Offalferwurker Omrin komt mei in eigen kampanje om dúdlik te meitsjen dat ynwenners fan Fryslân ha plastik net apart hâlde moatte fan it oare smoargens. Dat is in reaksje op in posterkampanje dy't op it heden lanlik geande is.

Dy ropt alle Nederlanners júst op om it plastik wol te skieden. It ferskil sit yn de ferwurking yn Fryslân. Omrin hat in eigen ynstallaasje boud dy't it plastik skiede kin. Dy ynstallaasje moat 1 maaie yn gebrûk wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)