Plasterk: "Salaris direksjeleden Alliander moat omleech"

31 mrt 2016 - 21:28
  • Minster Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken

Minister Ronald Plasterk ropt netbehearder Alliander NV yn in brief op om de salarissen fan twa direksjeleden yn oerienstimming te bringen mei de Wet Normering Topinkomens.

Dat betsjut dat de bestjoerders fan it publyk bedriuw net mear as 179.000 euro fertsjinje meie, likefolle as in minister. Op dit stuit hawwe de bestjoerders salarissen fan goed 400.000 euro.

Earder al rôpen de Twadde Keamer en provinsje Fryslân it bedriuw op om de salarissen te minderjen. De oprop komt koart foar de oandielhâldersfergadering dy't op 7 april hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)