Plasterk net nei Snits

07 feb 2014 - 15:35
  • Minster Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken
  • Plasterk hat it moandei net oan tiid om nei Snits

Minster Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken komt moandei net nei Snits om it ûndersyk nei de bestjoerskrêft fan Súdwest-Fryslân yn ûntfangst te nimmen. Der is opskuor oer it funksjonearjen fan de minister fanwege syn útspraken oer it ôfharkjen fan tillefoanpetearen troch de Nederlânske Ynljochtingetsjinst.

Plasterk moat him tiisdei ferantwurdzje yn de Twadde Keamer en lit no de besite oan Snits sjitte. Yn syn plak sil direkteur-generaal Gert-Jan Buitendijk oanwêzich wêze.

It Bestjoerskrêftûndersyk is in evaluaasje fan it funksjonearjen fan de nije fúzjegemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)