Plasterk hâlde Fryske taspraak

14 maaie 2007 - 17:19
  • Minister Plasterk oan it wurd

Minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis hat in taspraak hâlden yn it Frysk. Hy die dat op de CHN yn Ljouwert. It is bysûnder dat de minister Frysk prate om't er sân jier lyn as kolumnist yn it programma Buitenhof it Frysk fergelike mei in mearke as de Efteling.

It Frysk fan de minister wie goed te folgjen, al hie it bytiden wat Dútsk. Hy dage de Friezen út om yn Den Haach Haachsk te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)