Plas-dras yn de Soestpolder

08 mrt 2012 - 19:36

Noch foar it kommende briedseizoen moat in stik lân yn de Soestpolder by Burgum better geskikt makke wurde foar greidefûgels. Steatsboskbehear lit in stik greide feroarje yn plas-dras, dêr't wiete stroken ôfwiksele wurde mei droege richels. It lân wie te droech en tefolle ferrûge foar greidefûgelgebiet.

Steatsboskbehear hat goede hope dat de fûgels dizze maitiid in soad gebrûk meitsje sille fan it gebiet, omdat de fûgels mei nêsten yn it wiete plas-dras-lân har better beskerme witte tsjin rôfbisten.

De Soestpolder is ien fan de gebieten dy't troch natoerbehearsorganisaasjes beheard wurde en brûkt wurde as oerringebiet by heech wetter. Ek by it heech wetter fan 't winter is de Soestpolder ûnder wetter set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)