Plantsoen as autoslipbaan

13 des 2010 - 09:52

Yn Nijlân is snein in plantsoen brûkt as slipbaan foar twa auto's. It giet om in plantsoen oan de Koarnleane. De bestjoerders fan de auto's rieden sneintemiddei tusken twaën en trijen sa rûch oer de griene stripe hinne dat dy flink skansearre rekke. In parkearde auto kaam ûnder de modder te sitten.

Buertbewenners ha de kentekens fan de auto's opskreaun. De plysje sil ynkoarten by de bestjoerders del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)