Planten stellen út túnsintrum

26 maaie 2014 - 14:57
  • Túnsintrum De Florahoek

In 24-jierrige man út Hurdegaryp is moandeitemoarn oanhâlden foar stellerij út in túnsintrum yn syn eigen wenplak. Foar iepeningstiid naam de man dêr planten mei. De eigener fan it túnsintrum seach dat en warskôge de plysje. De dief naaide rinnend út, mar kaam letter werom om de auto op te heljen. Doe koe de plysje him oanhâlde.

Yn de auto fûn de plysje njonken de stellen planten ek drugs, ûnder oare GHB. De auto is yn beslach naam en de man sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)