Planten ferspriede himplucht

11 mrt 2011 - 19:36

De plysje hat yn Ljouwert om 'e nocht ûndersyk dien nei in mooglike himpkwekerij. Der wiene tips binnenkaam dat yn in wenning oan de JJ Hofleane in himpkwekerij wêze soe. Om de wenning hong in himplucht. Woansdei hat de plysje de wenning ûndersocht, mar gjin kwekerij oantroffen.

De geur bleau al hingjen, nei neier ûndersyk die bliken dat planten fan de grienfoarsjenning dêr foar soargen. Yn oerlis mei de gemeente is besletten dat de Phuopsis Stylosa fuort te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)