Planskea foar nijbou Flaphoek

22 jan 2008 - 11:24

Achtkarspelen jout 7000 euro planskeafergoeding oan in famylje foar bouplannen oan De Flaphoek yn Gerkeskleaster. In tal oare fersiken binne noch yn behanneling.

Yn it nijbouplan tusken de Alde Feart en De Flaphoek is romte foar fyftjin huzen. It projekt is yn oerlis mei Pleatslik Belang Gerkeskleaster-Stroobos ûntwikkele. Der kamen in tsiental reaksjes op, benammen fan buertbewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)