Plannen útwreiding treinmuseum

24 aug 2010 - 17:23
  • It spoarmuseum yn Snits

It treinmuseum yn it stasjon fan Snits hat plannen om flink út te wreidzjen. Dat wurdt mooglik no't de taksysintrale út it stasjonsgebou gongen is. It treinmuseum wol graach in part fan de frijkommende romte ynfolje. Dêrfoar moat lykwols noch wol jild socht wurde.

De nije romte biedt de mooglikheid om folle mear fan de kolleksje sjen te litten. Boppedat wol it museum graach mear banen útlizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)