Plannen Utrecht 2018 klear

30 okt 2012 - 16:49
  • It bidbook fan Utrecht 2018 is tiisdei presintearre

De stêd Utrecht hat tiisdei de plannen presintearre om Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 te wurden. De plannen steane yn in bidbook fan 300 siden. Utrecht set ûnder oare yn op eksposysjes oer Renaissance-skilder Caravaggio en de Nederlânske Paus Adrianus VI.

Utrecht is mei Eindhoven, Maastricht en Den Haach ien fan de konkurrinten fan Ljouwert. Boargemaster Crone fan Ljouwert sil it bidbook woansdei oanbiede yn Amsterdam. Dat bart yn de foarm fan in lytse optocht mei Fryske hynders en de Ljouwerter skotsploech.

Fertsjintwurdigers fan de Stichting Kulturele Haadstêd, fan de gemeente Ljouwert en fan organisaasjes dêr't de Kulturele Haadstêd mei gearwurket reizgje woansdei mei in pear bussen fan Ljouwert nei Amsterdam. Woansdei is ek de lêste dei dat it bidbook ynlevere wurde kin. Yn de lêste wike fan novimber sil in ynternasjonale sjuery de twa bêste bidbooks selektearje foar de twadde ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)