Plannen University College Ljouwert noch lang net rûn

13 mrt 2015 - 15:39
  • De fakulteitsried fan de Ryksuniversiteit wie net oer de plannen ynformearre

It is mar de fraach oft de plannen foar in Fryske universiteit helber binne. Sa is de finansiering noch net rûn en moatte de opliedings noch goedkard wurde. Dat seit de universiteitsried fan de ryksuniversiteit Grins. Benammen de plannen foar de saneamde 'University College' binne noch net rûn. In pear wike lyn makke deputearre Jannewietske de Vries bekend dat der in Fryske universiteit komt.

Fryslân krijt in eigen fakulteit, dy't offisjeel falt ûnder de ryksuniversiteit yn Grins, wie doe it boadskip, mar der is ek ferset tsjin dy plannen.

De universiteitsried is benaud dat de 'University College' yn Ljouwert te bot in konkurrint wurdt fan de opliedings yn Grins. Ek dêr sit in 'University College' en beide ynstellings sette yn op ekstra motivearre studinten dy't krekt wat mear betelje wolle foar harren oplieding. Neffens de nije dekaan fan de Fryske fakulteit, Jouke de Vries, falt it wol in slach ta mei dy konkurrinsje. De opliedings krije yn Fryslân in spesifyk Fryske ynstek. Dêrneist begjint de University College yn Fryslân pas oer twa jier. Yn dy tiid kin goed neitocht wurde oer de ynhâld fan de opliedings. It jild is neffens De Vries gjin probleem. De provinsje Fryslân, de gemeente Ljouwert en de ryksuniversiteit Grins hawwe al in bydrage tasein. Ek sil der noch jild binnen helle wurde mei in saneamd 'crowdfunding'-projekt. Dat moat soargje foar ekstra finansjele middels.

Yn de UKrant fan de RUG stiet dizze wike in kritysk ferhaal oer de plannen foar de Fryske fakulteit fan de RUG:
RUG rukt op

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)