Plannen stoomtrein trochset

08 feb 2008 - 10:51

De Stichting Stoomtrein Fryslân giet troch mei de plannen om in histoaryske spoarline tusken Snits en Starum te realisearjen. Dat is de útkomst fan in ekstra bestjoersgearkomste tongersdeitejûn.

De stichting hat wer genôch betrouwen yn de provinsje om fierder te gean, nei in ûnderling petear. Earder wie dat betrouwen der net en drige de stichting om it hiele projekt ôf te blazen. Safier komt it dus net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)