Plannen Slûs Dokkum geane troch

07 nov 2003 - 00:00

De plannen fan de gemeente Dongeradiel om it winkelgebiet om de Dokkumer Slûs hinne op te knappen, bliuwe oerein. Dat seit boargemaster Cazemier yn reaksje op fragen fan riedsleden.

De riedsleden fregen har ôf oft de miljoeneplannen foar de súdkant fan it sintrum noch wol trochgean moatte, no't boargemaster en wethâlders sein ha dat de supermerken C1000 en Aldi wol út it sintrum wei kinne. B&W komme yn de rin fan takom jier mei konkretere plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)