Plannen nije iishal yn Ljouwert

05 okt 2006 - 12:28

Der binne plannen foar in nije iishal yn Ljouwert. It giet om in ynvestearring fan rûchwei njoggen miljoen euro. De nije hal soe by it WTC-Expo komme moatte.

Neffens bedriuwslieder Gerrit Miedema soe der in baan fan minimaal 300 meter komme moatte. De hjoeddeistige baan is 220 meter. Neffens Miedema moat der yn Ljouwert wat barre mei de iishal. Der wurdt no mei winst draait, mar der is net folle rûmte foar ynvestearrings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)