Plannen by it soad mei gasjild

10 jan 2012 - 21:00

Politike partijen yn de steaten ha allegear al grutte plannen foar de opbringsten fan it gasfjild yn Ie. De provinsje moat neffens ûnder oare FNP, VVD en PVV op koarte termyn mei it Ryk prate oer de ferdieling fan it jild. De opbringsten fan de 4 miljard kubike meter ierdgas ûnder it doarp moatte foar in part wer werom nei de provinsje ta, sa fine de partijen. De grutte bel ierdgas smyt mooglik wol twa miljard euro op. Deputearre Poepjes wol in part dêrfan brûke foar de bou fan in nij Thialf.

Oaren wolle it brûke foar it fersterkjen fan de kaden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)