Plannen iishal net ûnderskatte

22 mrt 2013 - 17:19
  • Topsportsintrum zoetermeer

De provinsje moat de plannen foar in topsportsintrum mei twa iisbanen yn Zoetermeer net ûnderskatte. Dat seit direkteur Jan Wageman fan Friso Bouwgroep yn Snits.

Friso is ien fan de fjouwer Fryske bedriuwen dy't as konsortsium it nije Thialf op It Hearrenfean bouwe wol. Wageman ropt de provinsje en ferantwurdlik deputearre Hans Konst op meielkoar fan gedachten te wikseljen oer dat nije Thialf. De provinsje hat oant no ta dy kunde fan de bougroep noch net frege.

Friso Bouwgroep hat yn de jieren '80 it hjoeddeiske Thialf-stadion ek boud en hat in soad ekspertize. Neffens direkteur Jan Wageman is oerlis oer de ekspertize wol needsaaklik om de wedstriid mei Zoetermeer en mooglik ek Almere te winnen. Wageman neamt de inisjatyfnimmers, it elektroanika-konsern Siemens, bouwer Dura Vermeer en yngenieursburo Royal Haskoning DHV hiele serieuze konkurrinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)