Plannen foar wentebou Drachten

10 nov 2004 - 15:51

De fraach nei goedkeape hierwenten yn Drachten nimt sa hurd ta, dat der gau maatregels nommen wurde moatte. Dat fynt de wenningbouferiening Smellingerlân. Yn in jier tiid is de fraach nei wenten foar starters en minsken mei in leech ynkommen mei 30 persint tanommen.

De wenningbouferiening presintearret no foar de kommende twa jier plannen foar 800 wenten yn Drachten en omkriten. De presintaasje is op 10 desimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)