Plannen foar superwynmoles

01 apr 2005 - 13:02

Yn Dongeradiel binne plannen foar fjouwer wynmoles fan elk hûndert meter heech. Mei de wynmûnen kin alle enerzjy dy't yn de gemeente nedich is, opwekt wurde. De fjouwer turbines moatte de besteande losse moles yn Dongeradiel ferfange.

Wêr't de moles krekt komme te stean, is noch ûnbekend. De plannen binne betocht troch in tal ynwenners fan de gemeente. Oare ynwenners kinne oandielen yn de wynmoles keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)