Plannen foar stille tocht yn Drachten om Safhinaz Meijer

22 feb 2016 - 21:00
  • Safhinaz Meijer

Der komt mooglik in stille tocht foar Safhinaz Meijer, de frou út Drachten dy't begjin ferline wike yn Irak om it libben brocht waard troch har man. De man skeat har dea mei in kalashnikov nei in rûzje oer wol of net weromgean nei Nederlân. De 24-jierige Safhinaz woe graach mei har fjouwer bern werom, mar har man woe dat net lije.

Mei de stille tocht wolle famylje en kunde fan de frou stilstean by har dea en jild ynsammelje om har lichem nei Nederlân te heljen.

De inisjatyfnimmers oerlizze tiisdei mei de gemeente oer de mooglikheid fan in stille tocht. Dan wurdt der ek in datum fêststeld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)