Plannen foar rotonde De Jouwer

27 sep 2007 - 11:03

Der binne fiif bedriuwen selekteard dy't in plan betinke meie om de problemen op de rotonde fan De Jouwer op te lossen. It giet om Ballast Nedam, KWS, Heijmans, BAM en Dura Vermeer.

It ferkear op de rotonde stiet no faak fêst. As gefolch dêrfan komt der in soad slûpferkear troch De Jouwer en de doarpen dêr omhinne. Hokker bedriuw de rotonde oanpakke mei, moat begjin 2008 dúdlik wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)