Plannen foar park op Poelpleats

31 jan 2005 - 14:01

Der komt mooglik in rekreaasjesintrum op it terrein De Poelpleats yn Kollum. Sûnt de sluting fan it asylsikerssintrum De Poelpleats stiet it terrein leech.

It ynvestearingsbedriuw LOFT BV út Berltsum wol der no in rekreaasjesintrum delsette mei sa'n 400 plakken foar karavans, tinten en fakânsjehûskes. It nije park krijt de namme Wâlddobbe. It gemeentebestjoer fan Kollumerlân is posityf oer it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)