Plannen foar nije wenwyk Grou

23 nov 2007 - 11:39
  • Sa soe de nije wenwyk by Grou der út sjen kinne. Foto: Gemeente Boarnsterhim

Boarnsterhim hat plannen foar de oanlis fan in nije wenwyk oan de noardkant fan Grou. Op 20 bunder grûn moatte dêr 125 hûzen komme. Dy steane allegear op of yn it wetter. In tredde fan de hûzen is bedoeld foar minsken mei in leger ynkommen.

De rie fan Boarnsterhim nimt yn desimber in beslút oer de wenwyk. Mocht dat posityf útfalle dan begjint de oanlis yn 2010. Der wurdt in soad belangstelling foar de hûzen ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)