Plannen foar nij ûnderwiis- en opfangsintrum yn Steggerda

12 feb 2015 - 14:26
  • Bern yn basisskoalle

Comperio, de koepel foar iepenbier ûnderwiis yn East- en Weststellingwerf, hat plannen foar in nij ûnderwiis- en opfangsintrum yn Steggerda. Dêr moatte oer trije of fjouwer jier de iepenbiere basisskoalle De Triangel fan Steggerda en de doarpsskoalle fan De Blesse yn ûnderbrocht wurde.

Mooglik komt dêr noch in tredde skoalle by, de katolike basisskoalle fan Steggerda. Dy falt lykwols ûnder stichting Catent yn Zwolle. Neffens Sake Saakstra, direkteur fan Comperio, is dit nedich om de krimp fan skoallen yn de regio Steggerda op te fangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)